Wynmûnen bringe minder op om't der te min wyn stiet

It binne drege tiden foar eigeners en eksploitanten fan wynmûnen. Der stiet te min wyn, wêrtroch de opbringsten werom rinne. De Stichting Doarpsmûne Reduzum eksploitearret al mear as 20 jier in eigen mûne. Neffens foarsitter Henk Vellinga is de opbringst oer dy jierren mei sa'n 15 prosint sakke om't der hieltiid minder wyn stiet en de wyn ek flageriger wurden is. Tegearre mei de lege stroomprizen rint de stichting jierliks hast 3000 euro oan ynkomsten mis.
In diel wurdt kompensearre mei de opbringsten fan de sinnepanielen dy't de stichting oanlein hat. De stichting wol dêrneist graach in nije mûne bouwe, dy't effisjinter is en in hegere opbringst hat.