It Hearrenfean krijt gjin asylsikerssintrum

22 mrt 2017 - 10:56

It Hearrenfean krijt gjin asylsikerssintrum, dat hawwe boargemaster en wethâlders de gemeenteried tiisdei witte litten. Oanlieding foar it berjocht is in brief fan it COA. Dêr stiet yn dat de kâns dat der asylsikers op It Hearrenfean opfongen wurde moatte hiel lyts is, sjoen de lytse ynstream fan asylsikers. Boargemaster en wethâlders hawwe dêrop besletten hielendal net te bouwen. It plan wie om in asylsikerssintrum del te setten by de K.R. Poststrjitte. Dêr is it ôfrûne jier ek al faak oer oerlein mei de ynwenners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)