Omrop Fryslân falt yn de prizen by NL-Awards

22 mrt 2017 - 19:22

Omrop Fryslân hat woansdei trije NL-Awards yn de wacht sleept. De NL-Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. Omrop Fryslân wie mei seis nominaasjes yn de sân kategoryen de omrop dy’t it meast nominearre wie foar de NL-Awards. De prizen waarden útrikt yn Eindhoven.

Mohamed

Yn de kategory ‘Duiding’ wûn Omrop Fryslân mei 'Mohamed', in rige reportaazjes fan Simone Scheffer oer de Syryske famylje Haj Ali dy’t yn septimber 2015, nei in lange reis, yn de krisisopfang fan Harns terjochte kaam. De ferslachjouwer folge in jier lang harren paad troch Noard-Nederlân.

Burn-out by jongeren

Yn de kategory ‘Beste radioprogramma’ wûn de radiodokumintêre ‘Burn-out by jongeren’ fan Annagreet Miedema. Hoe komt it dat hieltyd mear jongeren in burn-out krije? Yn de dokumintêre fertelt Annagreet, twa jier nei’t sy in burn-out krige, har persoanlike ferhaal. De dokumintêre waard útstjoerd yn it programma Buro de Vries.

It Swarte Goud

‘It Swarte Goud’ wûn yn de kategory ‘Documentaire’. It Swarte Goud is in dokumintêrerige oer de betsjutting fan it Frysk hynder as eksportprodukt, mar ek as symboal fan de Fryske identiteit. Yn de maitiid fan 2016 waard it ras offisjeel útroppen ta moaiste hynder fan ‘e wrâld.

Grutsk

Haadredakteur Klaas Geert Bakker is grutsk. "Ik bin hielendal út de skroeven oer de trije NL Awards dy't wy wûn hawwe. Mar alle eare giet fansels nei de makkers. It jout oan dat wy mei de Omrop op de goede wei binne en meigean mei de tiid. Wat wy meitsje, docht der ta en dat wurdt ek bûten Fryslân sjoen."

It berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze, it online simmerprojekt De Camper en de programmasearje Fiel de Nacht wiene ek nominearre, mar foelen bûten de prizen.

De NL-Awards binne in inisjatyf fan Stichting ROOS, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan publike, regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De prizen binne lykas foargeande jierren útrikt op de ROOS-dagen.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân NL-Awards
(Advertinsje)
(Advertinsje)