De Grinzer striid om Skier

22 mrt 2017 - 14:30

Skiermûntseach, dat heart dochs by Fryslân? Dat soene jo tinke, mar as it oan ús Grinzer kollega’s fan RTV Noord leit, dan heart Skiermûntseach by Grinslân. By de ferkiezingen ferline wike lieten sy Skiermûntseach by in kaartsje fan Grinslân sjen en de regionale omrop fan Grinslân berjochtet folle faker oer it eilân. It eilân leit dan wol boppe harren provinsje, mar it is dochs echt Fryslân! Mar wêrom jout RTV Noord safolle oandacht oan Skiermûntseach, krekt as is it in Grinzer eilân?

Foarbyld:

Boat

“Omdat de boot vanaf daar naar Schiermonnikoog gaat. Er is maar één manier om naar het eiland te komen en dat is via Lauwersoog. Het eiland is toch een beetje van de Groningers vinden ze. Ook schijnt het dat Schiermonnikoog ook voor een groot gedeelte op Groninger grondgebied ligt”, seit in redakteur RTV Noord. Op de fraach wêr’t Skiermûntseach by heart binne de Grinzers hiel resolút: “Groningen natuurlijk.” 

Boargemaster

Boargemaster Dick Stellingwerf is der wat makliker yn. Hy tilt der net sa swier oan. “Zolang we maar op de kaart van Fryslân staan. Het is en blijft de meest noordelijke gemeente van Fryslân.” En oft hy it slim fynt dat RTV Noord fan syn eilân ôf ferslach docht? “Je zou eerder verwachten dat Omrop Fryslân erbij is. Maar ach, men vindt het leuk om er te zijn en ze zijn welkom.” It makket de boargemaster net safolle út en de bewenners fan it eilân ek net.

“Ik ben een Groninger van oorsprong. Dat de boot vanuit de provincie Groningen vertrekt, is misschien een mede-oorzaak. Het wordt vaak door elkaar gehaald door toeristen. Als je in Lauwersoog opstapt, ben je in Groningen en als je uitstapt, ben je in Fryslân. Ik maak me er niet druk om, er zijn wel andere dingen waar je je druk om moet maken. En dat RTV Noord verslag doet vanaf het eiland, is natuurlijk alleen maar mooi meegenomen”, seit H. Kremer, ynwenner fan Skiermûntseach.

Skiere muontsen

By Tresoar witte sy krekt hoe’t it sit. "De kwestje oft Skier no by Grinslân of Fryslân heart, spilet al folle langer. Mar der is gjin twivel oer dat it Fryslân is. De muontsen út Rinsumageast fan kleaster Klaarkamp wennen dêr. Skiermûntseach wie yn it ferline grûn fan it kleaster en harren muontsen ûnderholden dat. Sy waarden de ‘Skiere muontsen’ neamd”, seit Siem van der Woude fan Tresoar. "De Lauwers wie destiids de Grinzer rivier, dy't oan de eastkant fan Skier de Noardsee yn rûn. No is it wol sa dat dy eilannen ‘rinne’. Sy skowe op en Skier krûpt hieltyd mear rjochting Grinslân."

Hans Wiegel

En as sels de doetiidske kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel op it uterste punt fan de eastkant fan Skier in Fryske flagge delset hat, om sjen te litten dat it eilân dochs echt by Fryslân heart, dan kinne jo der net mear omhinne. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)