Reizgers tefreden oer iepenbier ferfier yn Fryslân

22 mrt 2017 - 09:33
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Reizgers wiene yn 2016 tefreden oer it regionale trein- en busferfier yn Fryslân. Dat krige gemiddeld in 7,6 as rapportsifer en dat is itselde as it lanlike gemiddelde. It ferfier op Skiermûntseach krige in 8,7 en stiet dêrmei lanlik op nûmer 1. Derneist is de wurdearring foar it stêdsferfier yn Ljouwert omheech gean fan in 7,4 nei in 7,8.

De hege wurdearring komt troch de grutte kâns op in sitplak, it maklike ynstappen en it gemak fan de ov-chipkaart. Boppedat skoart Fryslân heech mei de sosjale feilichheid yn bus en trein.

Allinich de ynformaasje om fertragingen hinne kin neffens reizgers better.

Deputearre Johannes Kramer is tefreden. "De sjauffeurs fan ús ferfierders fertsjinje in grut komplimint, want hja hawwe in wichtige rol as it om de tefredenens fan de reizgers giet. Dêrom in blomke foar de sjauffeur fan de bustsjinst Ljouwert."

Trefwurden: 
iepenbier fierfier
(Advertinsje)
(Advertinsje)