Kollum: "Lang en lokkich"

"Wy Friezen bin in frjemd folkje. We bin nammentlik oeral better yn as in oar. We predikje fan âldsher ús frijheid om dat te berikken. We gean ús eigen wei. Eigen. Dêr bin we o sa grutsk op.
We bin o sa grutsk op ús Frysk. Mar it wurdt net mear brûkt, want we fjochtsje ús wol dea tsjin it regear, mar ferjitte ús bern yn har eigen taal op te fieden.
We bin o sa grutsk op ús lânskip. Mar der is juster in lânskipspineboek fan Jantien de Boer ferskynd. En dat bewiisd dat we  de kommende fiif jier dêroer noch wol oarloch ha tusken boeren en natoerminsken.
We bin o sa grutsk op al ús eveneminten, dêr krij we in soad besite by. Mar nei 48 jier wurdt it Frysk kampioenskip mêstklimmen yn Akkrum al net mear organiseard.
We bin o sa grutsk op ús fearten. Mar as Drachten net deselde skippen ha kin as It Hearrenfean is it oarloch. En Terherne skriemt oer dat dy 110 meter bakken aanst oer harren puollen moatte.
We bin o sa grutsk dat boatsjes hjir sa moai farre kinne. De meast lytse feartsjes wurde wer iepene. Mar elk akwadukt is lek.
We bin o sa grutsk op ús keatssport. Dy ha we sels noch útfûn. Mar ferline wike hat it keatsbûn de needklok let, der stiet gjin hûn mear yn ’e krite.
We bin o sa grutsk dat we gemiddeldwei de langste minsken fan de wrâld binne. Mar de basketbalklup Aris stiet hast ûnderyn de earedifyzje.
We bin o sa grutsk op ús 419 doarpen, we ha der sels noch trije byboub. Mar we litte se gewoan krimpe ta in hutsje ûnnoazel by elkoar steande huzen.
We bin o sa grutsk op de bedriuwekontaktdagen dat we se no ek wer gewoan bedriuwekontaktdagen neame. Mar der hat noch noait ien in lover oan fertsjinne.
We bin o sa grutsk op de wyn, dêr kin we ommers goedkeape stroom fan krije. Mar net ien wol sa’n wynmûne njonken de doar ha.
We bin o sa grutsk op ús mannichte pleatsen, tsjûgjend fan in ryk molkeferline. Mar der bin op 't heden nochal wat dy’t yn elkoar soademiterje, om't net ien wit wat je der mei moatte.
We bin o sa grutsk op ús bearenburch en sûkerbôle. Mar deputearre De Rouwe fynt it allegear mar âlderwetske rommel.
We bin o sa grutsk op alle kulturele saken dy’t we yn de rin fan de iuwen delset ha. Mar no’t we hast kulturele haadstêd fan Europa binne, lit we dat net sjen. Inkeld mar allerhande ûngewoane nije bûtenlânske dingen en fonteinen.
We bin o sa grutsk op alderhande musea dy’t kloften folk lûke en yn ferhâlding better skoare as oare lanlike musea. Mar we hâlde op mei it jaan fan subsydzje dêroan.
We bin o sa grutsk op it meast ferneamde stêdsje yn de wrâld, Hylpen. Mar as dêr mear as trije toeristen komme kin se net mear in parkearplak fine.
We bin o sa grutsk op it Frysk Folksliet as begjintune fan elk sportbarren. Mar we litte it like fleurich troch Feijenoord supporters bedjerre, dan dogge we neat.
We bin o sa grutsk op ús skjinne lucht. Mar doe ha we dochs mar de REC yn Harns delset, om foar te kommen dat we deryn ek noch de bêste binne.
We bin o sa grutsk op de rêst. Mar we litte fan 'e wike gewurde dat hjir allegear Europeeske strieljagers oefenje mei sa’n soad leven, dat Poetin presys wit dat er hjir aanst syn bommen delsmite moat.
We bin o sa grutsk op ús wurkkrêft en ús effisjensy. Mar we kin in wurkmienskip as Caparis net iens yn stân hâlde.
We bin o sa grutsk op de troch ús útfûne wrâldferneamde swart-bûnte kij. Mar ha ynsestprodukt it Fryske hynder as byldbepalend delset.
We bin grutsk op ús ljippen en skriezen. Jouwe derfoar miljoenen út. Mar we litte de hoanskrobber op de hikke sitte. En de foks leit dêrunder.
En we bin o sa grutsk dat fan 'e wike blykte dat we we it lokkichste folk fan Nederlân binne. Nimmen hat dus ferlet fan dit jittikmigen fan my. Mar der is net ien wurd ûnwier fan."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.