Skiermûntseach moat nije boargemaster sykje

Skiermûntseach moat op syk nei in nije boargemaster. Neffens RTV Noord sil waarnimmend boargemaster Dick Stellingwerf (64 jier) net sollisitearje op in fêste oanstelling. "Ik heb die ambitie niet en ben dankbaar hier tijdelijk bijgedragen te hebben aan het wel en wee van deze gemeente", seit Stellingwerf. Hy waard twa jier lyn waarnimmend boargemaster nei't Sjon Stellinga ôfswaaide.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil oer twa wiken de profylskets fan de nije boargemaster fan it Waadeilân oerlange krije.