Folle bak by kursus fûgellûden fan IVN Súdwesthoeke yn Riis

21 mrt 2017 - 22:29

De kursus fûgellûden fan IVN Súdwesthoeke hie tiisdei in smite folk oer de flier. Mei tritich fûgelleafhawwers koe der eins gjinien mear by yn it sealtsje yn Riis.

De belangstelling kaam as in grutte ferrassing foar de organisaasje. Neffens fûgelekspert Sietze Bouhuis hat it alles te krijen mei de maitiid dy't no oanbrutsen is. Minsken gean wer mear de natuer yn en wolle dan witte wat se hearre. Letter yn de kursus gean se derop út, mar yn de earste sesje gie it benammen oer de teory.

(Advertinsje)
(Advertinsje)