Undernimmers moatte better gearwurkje foar toerisme-top-10

21 mrt 2017 - 22:14

Undernimmers yn Appelskea moatte better gearwurkje. Dat fynt de ried fan de gemeente Eaststellingwerf. Dit is neffens de ried nedich, wol Appelskea himsels better op de kaart sette.

Appelskea wol binnen tsien jier yn de nasjonale top 10 fan toeristyske atraksjes fan Nederlân stean. Om dat te berikken moat der noch wol wat barre. Undernimmers soene it foartou nimme moatte om it doarp oantrekliker te meitsjen. Sa moat neffens de ried it winkelsintrum opknapt wurde en ek de Boerestreek.

Skeptysk

Guon riedsleden binne skeptysk oer de ambysje fan Appelskea om yn de top 10 fan toeristyske atraksjes fan Nederlân te kommen. D66-riedslid Tammo Munting sjocht noch net direkt bussen fol Sinezen en Amerikanen nei Appelskea kommen. "De ambitie voor de top 10 is onzin en een luchtkasteel. De top 100 zou al mooi zijn. Meer haal je niet met een speeltuin, bezoekerscentrum en een suffig treintje."

Natuer

GrienLinks riedslid Sipke van Belle freget him ek ôf oft de omjouwing fan it doarp dy top 10 ambysje wol oankin. "Is Appelscha daar wel groot genoeg voor? We moeten ons daar niet blind op staren. De natuur is kwetsbaar."

Trefwurden: 
Appelskea Eaststellingwerf
(Advertinsje)
(Advertinsje)