Deenske jeugdkorpsen spylje op skoalle yn Snits

Utfiering muzykskoalle Kolding © YouTube
Twa Deenske jeugdkorpsen komme op 9 april nei Snits. Sy sille op skoalle it Bogerman in optreden dwaan mei de Bogerman Bigband en it Frysk Jeugd Fanfare Orkest. It optreden is fergees tagonklik.
Nei twa oare eveneminten is dit mienskiplike konsert wer in stapke yn de rjochting fan it grutte At the Watergate, dat takom jier yn 2018 yn Snits plakfynt. Op dat muzykspektakel wurde 7000 jongeren út hiel Europa ferwachte. De organisaasje hopet dat de Denen nei thúskomst oare groepen ek waarm krije kinne foar At the Watergate.
De Deenske muzykgroepen komme fan de muzykskoalle fan Kolding. Se meitsje in koarte toernee troch Nederlân, wêrby't se foar Snits ek noch Amstelveen en Amsterdam oandogge foar optredens.
It konsert yn Snits is mei ta stân kaam troch de lanlike brânsje-organisaasje foar kultueredukaasje Cultuurconnectie. Cultuur Kwartier Snits is mei keunstensintrum Atrium dêrby oansletten.