FIDEO: Ljouwert yn de jierren '70, tiid fan demonstraasjes

21 mrt 2017 - 20:39

De seventies yn Ljouwert. De tiid fan 'axies', oftewol demonstraasjes. Tsjin de bombardeminten op Fjetnam, foar bettere foarsjenningen foar fytsers en in eigen jongereinsintrum. Paul Janssen wie doe freelance-fotograaf. Hy wurke ek foar de krante. Yn 2009 ferstoar Janssen. Syn foto-argyf gie nei it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Janssen's fotoboek mei de jierren '70 yn Ljouwert yn byld wurdt tiisdei presintearre. Janssen syn frou Geartsje en Wiebe Pennewaard, earder fan de Ljouwerter Krante binne te gast yn de studio.

Trefwurden: 
Paul Janssen fotograaf
(Advertinsje)
(Advertinsje)