Stifting Frysk Libben Erfguod

25 okt 2011 - 12:17

Ultsje Hosper nimt by syn ôfskied as direkteur fan It Fryske Gea it inisjatyf foar de oprjochting fan in fok- en ynformaasjesintrum foar âlde Fryske bisterassen. It moat tagelyk ek in greidefûgelpleats wurde.

In tredde tak is it omtinken foar Fryske ferhalen oer natuer en lânskip, Fryske folskferhalen oer reedriden, keatsen en aaisykjen en de skiednis fan it Fryske lânlibben. Dêrfoar wurdt in stifting "Frysk Libben Erfguod" oprjochte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)