Te krappe katolike skoalle brûkt romte fan iepenbiere

21 mrt 2017 - 20:02

Katolike basisskoalle De Sprong mei fan 1 maaie ôf in grut part fan it skoalgebou fan iepenbiere bassiskoalle De Wielen yn Ljouwert brûke. Dat hat de gemeente Ljouwert besletten.

De Sprong is út syn jaske groeid en siket al langer om útwreidingsmooglikheden. Nijbou op de hjoeddeiske lokaasje oan de Idzerdastins is net mooglik, en dus moast der in oare oplossing komme. Doe't dat net slagge, is de gemeente ynskeakele. Om't by De Wielen romte oer is, kin De Sprong dêr 550 kante meter brûke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)