Jagers meie noch net sjitte op kaen

21 mrt 2017 - 18:46

Fryske jagers binne min te sprekken oer fertraging by de provinsje dy't derfoar soarget dat se foarearst net sjitte meie op kaen. Trochdat de provinsje noch gjin faunabehearsplan fêststeld hat, hawwe de jagers gjin frijstelling om op sokke fûgels te sjitten. Dat behearsplan hie der al al wêze moatten, seit Titus Sijmonsma fan de Fryske jagersferiening.

De fertraging komt troch de nije natuerwet, seit deputearre Kramer yn reaksje op Sijmonsma syn krityk. Dy is op 1 jannewaris yngien.

De Faunabehearsienheid (FBE) moat dêr in plan op skriuwe, hoe't it yn de provinsje regele wurde moat. De tiid is dêr te koart foar, seit deputearre Kramer. Dêrom hawwe se it yn Fryslân net oprêden en hy hie de steatssekretaris dêr ek foar warskôge. Mar, seit Sijmonsma fan de Fyske jagersferiening, yn oare provinsjes hawwe se it wol op 'e tiid oprêden. De jagers helpe boeren te helpen by it beskermjen fan lân en gewaaksen. It is dreech dat se no net yn aksje komme meie, fynt er.

Trefwurden: 
jagers
(Advertinsje)
(Advertinsje)