Ried Flylân praat oer profylskets nije boargemaster

21 mrt 2017 - 17:46
De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De gemeenteried fan Flylân fergaderet ynkoarten oer de easken foar in nije boargemaster. It giet om in opfolger fan waarnimmend boargemaster Tineke Schokker, dy't offisjeel oant 1 july yn funksje is. Nei it opstellen fan de profylskets sil de sollisitaasje-proseduere iepensteld wurde.

Flylân hold yn 2015 ek al sa'n proseduere, mar tusken de 39 gadingmakkers siet doe gjin gaadlike bestjoerder. Dêrop waard besletten om in tydlike boargemaster oan te stellen, yn de persoan fan âld-deputearre Tineke Schokker.

Trefwurden: 
Flylân boargemaster
(advertinsje)
(advertinsje)