Skoalbern drave tusken de lessen troch foar Ljouwerter Mile

21 mrt 2017 - 17:29
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

Skoallen yn Ljouwert dogge de kommende tiid mei oan de Ljouwerter Mile. Dat is in inisjatyf fan de stifting Sport voor Sport om bern op in leechdrompelige manier oan it hurdrinnen te krijen.

Njoggen wiken lang rinne de bern tusken de lessen troch in pear kear yn de wike in Ingelske myl. Se krije ek gastlessen oer sport en wurkje ta nei in echte hurdrinwedstriid, de Kidsrun fan LOOP Ljouwert. De start fan it hurdrinprojekt is woansdei yn it Cambuurstadion yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)