Dôfhûdige Oerterper dief ferplichte nei ISD-ynrjochting

21 mrt 2017 - 17:22
Rjochtbank Ljouwert - Foto: ANP

De Ljouwerter rjochtbank hat tiisdei bepaald dat in dôfhûdige dief (31) út Oerterp ferplichte opnommen wurde moat yn in ISD-ynrjochting foar stelselmjittige dieders. De rjochtbank naam it beslút om de ISD-maatregel ta te passen, omdat de Oerterper hieltiten wer weromfalt yn krimineel gedrach.

De man hat in strafblêd fan 26 siden. Hy moast twa wike lyn foarkomme foar it meinimmen fan twa akku's fan in bedriuweterrein op De Jouwer. De man soe ek in foedingskabel foar frachtweinen stellen ha op De Gordyk, mar dêrfan waard er frijsprutsen.

De offisier fan justysje sei twa wike lyn dat der fan alles besocht is om de Oerterper op it rjochte paad te krijen. Mar alle krewearjen wie om 'e nocht; ek de reklassearring wyt net mear hoe't se mei de man oan moatte. Troch it tapassen fan de ISD-maatregel is de Oerterper dy't it rôvjen net litte kin yn alle gefallen twa jier fan de strjitte.

(advertinsje)
(advertinsje)