Mear dielnimmers Bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert

21 mrt 2017 - 17:16

It giet better mei de Business Contact Dagen Noord yn it WTC Expo yn Ljouwert. De beurs hat it jierrenlang dreech hân troch de ekonomyske krisis. Dit jier binne der wer mear bedriuwen oanwêzich. Ferspraat oer twa hallen hawwe sawat 350 bedriuwen in plak fûn. De meiwurkers hawwe it benammen drok mei netwurkjen, sjocht beursmanager Hetty Kroes. "Yn twa dagen moetsje jo hjir faak mear minsken as dat jo trije wiken de dyk op moatte."

De bedriuwekontaktdagen duorje noch oant en mei woansdei.

(advertinsje)
(advertinsje)