Broer Roelof wurdt coach fan sylster Marit Bouwmeester

Roelof, de broer fan Marit Bouwmeester, by de Olympiade yn Rio yn 2016 © Omrop Fryslân
Olympysk sylkampioen Marit Bouwmeester fan Warten giet fierder mei har broer Roelof as coach. Roelof Bouwmeester folget Jaap Zielhuis op. Hy is bûnscoach fan it lanlik wettersportbûn wurden. Marit har broer is al jierren har sparringspartner en hat ek de goede ûnderfining. De gearwurking bestiet dus al langer, mar is no offiseel wurden.
De earste kear dat Marit Bouwmeester sylt ûnder har nije coach is ein april, by de wrâld cup yn Hyères.