Keeperstrener Sierd van der Berg ferlit FC Grins

21 mrt 2017 - 17:01

Keeperstrener Sierd van der Berg (48) fan Ljouwert giet oan de ein fan it seizoen fuort by FC Grins. Syn kontrakt rint ôf en de partijen binne it net iens wurden oer in ferlinging. Van der Berg komt net sûnder wurk te sitten, want hy is ek noch keeperstrener byj Jong Oranje.

Sierd van der Berg wie earder twadde keeper by SC Cambuur achter Fred Grim en Wim de Ron. Sierd van der Berg hat ek in eigen keepersakademy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)