Mear stipe oerheid nedich foar enerzjyneutraal wenjen

21 mrt 2017 - 16:17

De oerheid moat foar tsientallen miljoenen byspringe om it enerzjyneutraal meitsjen fan hierhuzen rendabel te meitsjen. Yn Fryslân wurdt folop eksperimintearre om sokke huzen enerzjyneutraal te meitsjen. Mar dêr moat foarearst noch aardich wat jild by. Boubedriuw Dijkstra Draisma makket by in proefprojekt yn Ljouwert 55 hierwenten fan wenningbouferiening Elkien enerzjyneutraal. Uteinlik moatte sa'n 15.000 huzen fan Elkien oanpakt wurde.

Yn Drachten ferbout Jorritsma Bouw in appartemintekompleks fan wenningbouferiening Accolade mei itselde doel. Uteinlik wol Accolade 16.000 huzen nei nul op de meter bringe. De plannen binne ambisjeus. Mar by beide projekten moat der jild by. De nasjonale oerheid stekt miljarden yn duorsume-enerzjyopwekking lykas sinnepanielen en wynmûnen. Mar foar enerzjybesparring is amper jild beskikber. Enerzjykoördinator Bouwe de Boer fan de gemeente Ljouwert hopet dat in nij kabinet foar in oare oanpak kieze sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)