Multyfunksjoneel sportterrein foar Easterlittens

21 mrt 2017 - 15:59
Foto: OPB, Carolien Dijkstra

Easterlittens krijt in multyfunksjoneel sportterrein. Dat komt achter it multyfunksjonele sintrum De Jister. Der komt in sportfjild, in keatsmuorre en in hurdrin- en skeelerbaan. En der wurde ek fitnesstastellen en rekstokken delset. Elts kin dêr teplak om te sporten. De projektgroep GO! hat him derfoar ynset en krijt 35.000 euro út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje om it sportterrein oan te lizzen.

Mei-inoar wurdt der 117.000 euro ynvestearre.

Alle sportferienings, de basisskoalle, doarpsbelang en direkte omwenners wurkje gear yn de projektgroep. De Multisport Arena yn Littens is ien fan de 24 projekten yn de regio, dêr't de ambassadeurs fan Noardwest-Fryslân in posityf advys oer joegen. De 24 projekten betsjutte mei-inoar in ynvestearing fan mear as ien miljoen euro yn de leefbererens fan de streek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)