Polderhoofdkanaal fjouwer moanne iepen foar rekreaasjefeart

21 mrt 2017 - 15:38
Polderhoofdkanaal bringt libben yn it doarp De Feanhoop - Foto: Omrop Fryslân

Boatsjeminsken kinne dit jier langer farre op it Polderhoofdkanaal by Nij Beets. Dat kin tusken 15 maaie en 15 septimber. Earder koe dat net earder as fan july ôf. Dat it no langer kin komt trochdat de natuer yn de buert him goed liket te werstellen fan de yngrepen foar it weriepenjen fan it kanaal.

Sa komt de streepte wetterrôfkrobbe dêr no wer foar, en dat wie twa jier lyn noch net sa. De kommisje dy't de natuerûntwikkeling yn de gaten hâldt hat dêrom grien ljocht jûn om it Polderhoofdkanaal langer iepen te stellen.

Trefwurden: 
Polderhoofdkanaal
(Advertinsje)
(Advertinsje)