Telegraaf-direkteur Harry de Wit stapt oer nei Empatec

21 mrt 2017 - 15:23

Harry de Wit (56) fan Snits stapt oer fan de Telegraaf Media Groep nei Empatec. Op 1 maaie folget De Wit de hjoeddeiske direkteur Henk van der Zwaag op. It giet om in opmerklike oerstap fan De Wit, want hy is no noch direkteur fan Telegraaf Media Groep TMG yn Amsterdam. As foarsitter fan de feriening fan Snitser sakelju is De Wit no ek al goed bekend mei de bedriuwen en gemeenten yn it wurkgebiet fan Empatec en susterûndernimming Pastiel.

Ried fan kommissarissen, ûndernimmingsreied en direksje binne unanym yn harren foardracht fan De Wit.

(advertinsje)
(advertinsje)