Raymond Gyasi fan Cambuur nei Noarwegen

21 mrt 2017 - 14:22
Raymond Gyasi - Foto: www.cambuur.nl

Cambuurspiler Raymond Gyasi makket per direkt de oerstap nei it Noarske Stabaek FC. Dizze klup spilet op it heechte nivo in Noarwegen. De transferperioade slút dêr op 31 maart. De 22-jierrige Gyasi kaam ôfrûne simmer oer fan FC Emmen en spile dit seizoen mar trettjijn kear foar de Ljouwerters. Hy hie in protte lêst fan blessueres.

(Advertinsje)
(Advertinsje)