Van Dam wol nij ûndersyk nei ferplichte greidegong

© Henk Bootsma
Steatssiktaris Martijn van Dam wol de kommende tiid ûndersykje litte wat de foar- en neidielen binne fan in wetlik ferplichte greidegong foar fee. Ek wol hy wite hoe't it bûtendoar weidzjen fan kij fierder stimulearre wurde kin op frijwillige basis. Van Dam skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer. Mei dit ûndersyk wol Van Dam temjitte komme oan de oannommen moasje fan de Partij voor de Dieren foar it wetlik ferplichtsjen fan de greidegong.
It ûndersyk wurdt útfierd troch de lânbou-universiteit fan Wageningen.
"Alvorens eventueel gestart zou worden met de voorbereiding van wettelijke borging, is het van belang om scherp in beeld te hebben wat de mogelijkheden en de voor- en nadelen zijn", sa skriuwt de demissionêre steatssiktaris oan de Twadde Keamer. Van Dam is wol hastich mei it ûndersyk. Dat moat heal juny klear wêze, sadat de Twadde Keamer noch foar it simmerreses ynformearre wurde kin oer it resultaat en it ferfolch.
Van Dam wie sels gjin foarstanner fan de moasje fan de Partij voor de Dieren. Van Dam tinkt dat it meitsjen fan ôfspraken mei de sektor oer it bûtendoar rinne litten fan de kij mear fertuten dwaan sil. De steatssiktaris stribbet der nei om 80 persint fan de kij yn de simmer oerdeis bûten weidzje te litten. Dat persintaazje moat yn in pear jier tiid berikt wurde. Pas as dat net slagget wol Van Dam mei in wetlike regeling komme.
Besjoch it brief fan de steatssiktaris oan de Twadde Keamer.