Koarte brân by bedriuw yn Frjentsjer

© Nick den Boer
By in bedriuw yn Frjentsjer hat tusken de middei koarte tiid brân west. It giet om Frames Heat Transfer oan De Wieken, dat foar de oalje- en gasyndustry wurket. By it bedriuw wie brân ûntstien yn in ôfsûchynstallaasje. De oproppen brânwacht hat dy útelkoar helle en dêrnei it fjoer dwêst. Neist de skea oan de ynstallaasje is der ek wat reekskea ûntstien.