Drokke nacht Ljouwerter plysje

21 mrt 2017 - 13:13
Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hie it moandeitejûn en -nacht drok mei dronken minsken. In 50-jierrige Ljouwerter waard oanholden as fertochte fan it fernielen fan in auto op Achter de Hoven. De man foel op om't hy op strjitte stie te roppen. In 47-jierrige drankrider út Heiloo waard yn Blessum oanholden. Syn rydbewiis is ynnaam. In 37-jierrige Ljouwerter waard op de Sudergrêftswâl dronken út de grêft rêden. Plysjes hellen de man mei in sleepkabel út it wetter en setten him by de opfang fan Zienn ûnder de brûs.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert dronken
(Advertinsje)
(Advertinsje)