Dronken man flybket nei plysje op Ruterskertier

De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier © Omrop Fryslân
In dronken man (31) dy't minsken lestich foel op it Ruterskertier begûn sneintejûn te flybkjen en te skellen doe't de plysje him oanspruts op syn gedrach. Boppedat pisse de Ljouwerter yn it wyld op strjitte. Omdat de man wegere om nei hûs te gean en nei de plysje te harkjen waard de man oanholden foar iepenbiere dronkenskip, wyldpisjen en it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Foar al dy trije feiten krijt de man proses-ferbaal.