Ald-steatelid Pieter Buisman moat werombetelje

© Omrop Fryslân
Ald-steatelid Pieter Buisman fan Drachten moat hast 18.000 euro oan Provinsjale Steaten werombetelje. Dat hat de rjochter yn Grins beslist. Buisman makke beswier tsjin de weromfoardering en stapte yn desimber nei de rjochter. It jild wie bedoeld as subsydzje foar partijen om in fraksjemeiwurker yn te hieren. Buisman, dy't yn maart 2015 út de Steaten gong, hie in meiwurker oanstelle wollen, mar it duorre te lang foardat er it jild krige. Dêrom die hysels it wurk en fûn hy dat er rjocht hie op de betellingen.
Buisman koe gjin rekkens of bontsjes sjen litte en dêrom foardere de provinsje it subsydzjejild werom. Terjochte, fynt de rjochter. In steatelid mei njonken de gebrûklike fergoedingen gjin oare fergoedingen ûntfange. It ferwar fan Buisman dat de betellingen om in meiwurker yn te skeakeljen te lang duorre, parearre de rjochter. "Ut de feiten blykt net dat Buisman de betellingen net op tiid krigen hat."