Hûs fan Besinning yn Ljouwert

25 okt 2011 - 12:27

Midden yn it drokke sintrum fan Ljouwert is in lytse oaze fan rêst ûntstien. Op 6 novimber wurdt by de Doopsgezinde Gemeente oan de Wurdummerdyk it hûs fan Besinning en Besieling iepene. Neffens de inisjatyfnimmers sykje minsken yn dizze tiid stilte en ûnthaasting. Op tongersdeitejûnen sil der groepsgewiis meditearre wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)