Shay Facey is gjin spiler fan SC Hearrenfean mear

21 mrt 2017 - 11:43
Abe Lenstrastadion - Foto: Omrop Fryslân, Corneille Bitiri

Shay Facey komt net werom by Sportklup Hearrenfean. De Ingelske ferdediger waard hierd troch Hearrenfean. Facey is lykwols sûnt de winterstop troch privee-omstannichheden werom yn Manchester. Neffens technysk direkteur Gerry Hamstra keart hy no definityf net werom.

Hearrenfean is yntusken yn petear mei Lucas Bijker. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf. Ek it kontrakt fan Luciano Slagveer rint ôf. SC Hearrenfean hat in opsje om it kontrakt mei twa jier te ferlingen, mar Slagveer hat noch neat heard.

Ek de kontrakten fan Youness Namli en Erwin Mulder rinne ôf. Namli hat al te hearren krigen dat syn kontrakt net ferlingd wurdt, wylst keeper Erwin Mulder sels oanjûn hat om te sjen nei in nije klup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)