Assenaar swierferwûne by Appelskea

De automobilist dy't moandei yn Appelskea nei in ûngelok troch de brânwacht út de auto helle wurde moast, is in 53-jierrige ynwenner fan Assen. De man kaam troch noch ûnbekende oarsaak op de Vaart yn botsing mei de auto fan in 65-jierrige frou út Appelskea. De twa kamen beide fan in kant en botsen frontaal opelkoar.
De ynwenner fan Assen is swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Grins, de frou út Appelskea nei dat yn Assen. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte oarsaak.