It Amelân krijt LED-ferljochting

It Amelân lit alle iepenbiere ferljochting op it eilân ferfange troch duorsume LED-ferljochting. Bûten de beboude kom en by de diken nei it strân komt blaugriene ferljochting, dat minder skealik is foar de natuer. It ljocht skeakelet automatysk út as der gjin minsken yn de buert binne. It moat de gemeente in enerzjybesparring fan 70 prosint opsmite. De nije ferljochting past boppedat goed binnen it Unesco-programma Dark Sky Wrâlderfguod Waadgebiet en by it foarnimmen fan It Amelân om enerzjyneutraal te wurden.
De gemeente hat in kontrakt ôfsletten mei Philips Lightning, dat de nije ferljochting oanleit en oant en mei 2027 ûnderhâldt. Neist de gemeente drage de provinsje, GasTerra en de NAM finansjeel by.