Aldeholtpeaster ferwûne by stekpartij, ruten ynsmiten

21 mrt 2017 - 10:22

De plysje hat in 30-jierrige ynwenner fan Wolvegea oanhâlden fanwege in stekpartij. De man soe moandeitejûn in man út Aldeholtpea stutsen hawwe mei in mes. De ferwûne man waard fûn by syn hûs. Hy hie ferwûningen oan syn boppelichem. Ek wienen de ruten fan syn hûs yngoaid troch de ynwenner fan Wolvegea. Dy waard nei in syktocht fan de plysje fûn yn in hûs yn Wolvegea. De man, dy't yn 'e war wie, drige dêr de gaskraan iepen te draaien, mar koe letter dochs oanholden wurde. Hy is troch de plysje fêstset.

De ynwenner fan Aldeholtpea is opnaam yn it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)