Undersyk nei gaswinning It Hearrenfean

Skoatterwâld, ek hjir is de gaswinning net neffens de regels, seit de wethâlder © Omrop Fryslân, Feike Wouda
De gemeente Hearrenfean lit in ûnôfhinklik bedriuw ûndersyk dwaan nei de gaswinning fan Vermilion. Mei de second opinion troch Furgro hopet it kolleezje antwurden te krijen op fragen fan bewenners. Dêrneist sil it kolleezje de útkomsten mooglik brûke yn har advys oan it Ryk oer de gaswinning by Langsweagen. Koartlyn die bliken dat Vermilion al hast twa jier gas wint ûnder de wenwyk Skoatterwâld en it bedriuweterrein IBF, sûnder dat der tastimming foar wie.
It Staatstoezicht op de Mijnen wol dêrom dat Vermilion ophâldt mei de gaswinning, mar it bedriuw hat beswier oantekene. Kommende tongersdei is der yn it Abe Lenstrastadion in ynrinjûn fan de gemeente. Bewenners fan Skoatterwâld sille dan in petysje tsjin de gaswinning yntsjinje.