Parkearbelied Weststellingwerf stranger

21 mrt 2017 - 10:00
Foto: Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf sil tenei stranger kontrolearje op it parkearjen yn it sintrum fan Wolvegea en Noardwâlde. Dêr binne blauwe parkearsônes, dêr't it winkeljende publyk de auto mei in parkearskiif maksimaal trije oeren delsette kin. Ut kontrôles docht bliken dat benammen langparkearders dizze plakken brûke. Om der in ein oan te meitsjen, sil der faker kontroleard wurde. De kommende wiken diele tafersjochhâlders warskôgings út, dêrnei wurde boeten útdield.

(Advertinsje)
(Advertinsje)