Hans Konst kandidaat-foarsitter Fryske PvdA

Hans Konst © Provinsje Fryslân
It gewestlik bestjoer fan de PvdA Fryslân draacht Hans Konst fan De Jouwer foar as nije foarsitter. De eardere deputearre Konst moat Henk Korthof opfolgje, dy't nei fjouwer jier ophâldt. Theo Douma fan Ljouwert en Eric Boersma fan It Hearrenfean wurde foardroegen as nije bestjoersleden.
De leden kinne har op 8 april yn Burgum útsprekke oer de kandidaten. Sjoch ek de meidieling op de website fan de Pvda.