Kollum: "Gekke kowesykte"

"Google translate is in prachtich helpmiddel. Berjochten yn talen dy’tst net of mar in bytsje behearskest, kinst mei de oersetmasine fan google toch ta dy nimme. Hartstikke moai, mar elkenien dy’t dêr wol ris gebrûk fan makke hat, wit dat it net perfekt is.
Ik tink dat dat ek de reden is foar ien fan de earste Turkse sanksjes tsjin Nederlân. It is bekend dat de eardere Turkse ambassadeur yn De Haach, Arslan, no al in skoft de neiste adviseur fan Erdogan is. Dy Arslan hat sein: ‘Nederlân koeienearret ús’. Erdogan hellet dy útspraak troch google translate, mei it gefolch dat se fjirtich Nederlânske kij útsette ûnder it motto: ‘Wy koeienearje bikkelhurd werom’. Oars is it net te ferklearjen dat de Turkse feriening fan Fleisprodukten him soks ynskune lit. Of it soe sa wêze moatte dat se harren rjochtsje wolle op de eigen fokkerij, mei oare wurden: Eigen fee earst. Of it is in aksje sa’t dy yn oare lannen ek wol mei kamelen dien wurdt: ‘Okee, wy twa ministers werom, krije jim fjirtich kij.’
Men falt mei Turkije en Erdogan fan de iene ferbazing yn de oare. Nim bygelyks it advys fan de Turkse presidint dat er syn yn Europa libjende lânslju jout: ‘Nim fiif yn stee fan trije bern.’ Mear bern is neffens Erdogan it antwurd op it ûnrjocht dat Turken yn Europa oandien wurdt, mei’t lannen as Nederlân en Dútslân Turkse ministers keare dy’t kampanje fiere wolle foar in referindum yn april. Dat referindum moat Erdogan ûnbeheinde macht foar ûnbeheinde tiid jaan, yn wêzen in diktatuer legalisearje. En omdat foar inoar te krijen binne mear bern nedich. De logika dêrfan ûntgiet my folslein, mar ik winskje de Turkse froulju sterkte en súkses de kommende fjirtjin dagen.
Likegoed blykt it hiel dreech te wêzen om mei de provosearjende en bytiden dwylsinnige útspraken fan Erdogan en syn klup om te gean. Want wat moat men bygelyks mei it driigjen fan de minister fan Bûtenlânske Saken Cavusoglu, dat der religieuze oarlogen yn Europa útbrekke sille omdat it Europeesk Gerjochtshof yn guon gefallen holledoekjes en oare religieuze symboalen ferbean hat? Erdogan neamt dat in ‘krústocht tsjin de godstsjinstfrijheid, in krústocht tsjin de islam’. In gotspe fan ûnhuere ôfmjittings, omdat Erdogan yn Turkije al tal kristlike tsjerken slute litten hat, en guon kristenen net iens mear in krúske doarre om te dwaan fanwegen kâns op molestearjen of slimmer.
Turkije stelt dat Europa ophâlde moat te gebieden, dat se dat sels wol dogge en dat wy ‘netsjes prate’ moatte. Wylst sy Nederlanners útmeitsje foar fassisten en nazi’s, wylst sy sizze dat Nederlân yn Srebrenica 8000 moslims fermoarde hat, dat demokrasy in trein is dêr’tst ôfstapst en dat Koerden untermenschen binne.
Dêr ha wy dus mei te krijen. In lân mei in presidint dy’t megalomaan is. Megalomany is faak it gefolch fan in ûntstekking yn de harsens. Wêrom’t ik no yn ienkear oan de gekke kowesykte tinke moat, wit ik ek net…"
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.