Tsjummearum ûndersiket needsaak sporthal

21 mrt 2017 - 08:04

Giet de kealslach yn Tsjummearum al mar troch? Nei de supermerk, de doarpskroech en de pinautomaat, driget no ek de sporthal út Tsjummearum te ferdwinen. De eksploitant hâldt der fan 't simmer mei op, en in nije behearder is der net. De ynwenners fan it doarp moatte wat betinke, as se de sporthal iepenhâlde wolle. Moandeitejûn waard der praat, yn de sporthal. Der sil no earst in ynventarisaasje makke wurde. Is der behoefte oan in takomstbestindich multyfunksjoneel moetingsplak yn Tsjummearum/Furdgum?

Trefwurden: 
Tsjummearum sporthal
(Advertinsje)
(Advertinsje)