Frou (51) stelt twa telefoans fan hast 1400 euro

Winkelstellerij © ANP XTRA
In 51-jierrige frou út Mearum is moandeitemiddei yn Ljouwert betrape op it stellen fan twa telefoans mei in wearde fan 1384 euro. Dat barde yn in winkel oan De Sintrale. De frou fersette har bot doe't in befeiliger har oanhâlde woe. Omdat de frou alris earder feroardiele wie foar stellerij, is se ynsletten en wurdt se foarlaat oan de rjochter-kommissaris.