Tsjerke Surch oerdroegen oan stichting Alde Fryske Tsjerken

De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat no 49 tsjerken. Moandei is de doarpstsjerke fan Surch oerdroegen oan de stichting en letter dizze moanne folgje de tsjerken fan Jelsum en Koarnjum. Fierders is de stichting yn petear oer noch in tal tsjerken.
De tsjerke fan Surch is byldbepalend foar it lytse doarp achter de seedyk. De tsjerke is boud yn 1864 yn neo-renêssânsestyl en hat in bysûndere toer. In jiermannich lyn is de tsjerke leafdefol restaurearre, mar it ûnderhâld wurdt in te swiere lêst foar de lytse tsjerklike gemeente.
Dêrom is de Stichting Alde Fryske Tsjerken ynskeakele. De stichting bestiet 47 jier en nimt gemiddeld ien kear yn 't jier in tsjerke oer. Trochdat hieltyd mear tsjerken net mear as tsjerke brûkt wurde, wurdt it oanbod hieltyd grutter. Om dat oan te kinnen, kin de stichting wol wat mear stipe brûke fan de provinsje. Stichting en provinsje binne dêroer yn petear.
Mei de eksploitaasje fan de tsjerke fan Surch komt it wol goed. De stichting hat hjirfoar it fruchtgebrûk fan in pear bunder lân fan de tsjerke.