Koarman Bouwe Dijkstra ferstoarn

20 mrt 2017 - 17:41
Bouwe Dijkstra - Foto: Familie Dijkstra

Ien fan de oprjochters fan it Martini Jongeskoar út Snits is snein op 71-jierrige leeftyd ferstoarn. It giet om Bouwe Dijkstra, dy't yn 1995 mei Dirk Donker it inisjatyf naam foar it koar. Dijkstra wie ek de man achter de Koorschool Noord Nederland en it jongeskoar yn Roden. Hy wie al in skofke slim siik. Dijkstra wurdt kommende freed te hôf brocht. By it ôfskie sil ek in tal koaren optrede.

(Advertinsje)
(Advertinsje)