Skeel oer coffeeshop op It Hearrenfean

20 mrt 2017 - 16:26
Coffeeshop - Foto: ANP

De gemeente Hearrenfean hat in skeel mei in man út Wolvegea dy't in coffeeshop fêstigje wol op It Hearrenfean. Beide partijen stiene moandei foar de Ried fan Steat. De heit fan de man hie in coffeeshop, mar doe't hy ferstoar en syn soan de saak oernimme woe, krige dy gjin fergunning. De gemeente wol net mear as trije coffeeshops. Der ha yn it ferline fiif west, mar Hearrenfean hat yn syn belied fêstlein dat it maksimum no op trije leit. De Ried fan Steat freget him ôf wêrom, want it oantal fan fiif hat nea problemen jûn.

De wurdfierster fan de gemeente seit dat Hearrenfean iepenbiere oarder en feilichheid en folkssûnens belangryk fynt. De man út Wolvegea wol in fergunning, mar ek skeafergoeding. Hy seit dat er al jierren omset misrint, omdat er no neat mei. De Ried van Steat docht binnen in pear wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)