Soarchwenningen yn Sint Anne

25 okt 2011 - 12:38
Foto: Omrop Fryslân

Soarchsintrum Het Bildt en Wonen Noordwest-Friesland begjinne takom moanne by it besteande soarchsintrum yn Sint Anne mei de bou fan 15 oanleunwenningen en 52 soarchapparteminten. 50 fan de 78 soarchapparteminten wurde ferfongen troch 52 nije apparteminten. 18 dêrfan krije twa sliepkeamers.

De 15 oanleunwenningen komme by de al besteande oanleunapparteminten. Fierder wurde in nij deisintrum, in groepsromte en kantoaren boud.

(Advertinsje)
(Advertinsje)