Soad ôffal fûn by kontrôle yn it bûtengebiet

20 mrt 2017 - 15:09

De plysje, de provinsjes en Steatsboskbehear hawwe by in grutte kontrôle wer in soad ôffal fûn yn it bûtengebiet yn Fryslân, Grinslân en Drinte. It wie minder as foargeande jierren, mar der binne wol mear prosessen-ferbaal útdield. By de smoargens dat fûn waard, siet ûnder oare in steapel ferfalske jild, twa bankstellen, 120 kúb hynstestront en in behoarlik soad asbest. En der wiene ek minsken dy't in bon krigen omdat se de hûn losrinne lieten, wylst dat net mei, omdat it briedseizoen krekt begûn is.

Trefwurden: 
plysje ôffal miljeu
(Advertinsje)
(Advertinsje)