De maitiid is begûn: fiif tips foar de tún

20 mrt 2017 - 14:59
Foto: Omrop Fryslân, Eduard Rekker

It liket der miskien net op at je op it stuit nei bûten sjogge, mar it is dochs wier sa: de maitiid is hjoed offisjeel úteinset. Wy hawwe it dan oer de saneamde astronomyske maitiid. Dizze spesifike tiidsbepaling fan de maitiid begjint at de dei en de nacht like lang binne. Dit bart meastentiids op de 20ste of 21ste dei yn maart. Dit jier falt it moment om krekt te wêzen op 11:28 oere moarns op 20 maart.

Njonken de astronomyske maitiid is der ek noch de meteorologyske maitiid, dizze is op 1 maart al úteinset, en hat mear te krijen mei it type waar dat mei de Nederlânske maitiid ferbûn wurdt.

Mei de offisjele start fan de maitiid is it fansels in goed momint om ek útein te setten mei dè maitiidsklus dy't alle jierren werom komt: de tún. Mar wat kinne je sa betiid yn it seizoen al dwaan yn de tún? Wy hawwe ús deskundige túnman Klaas Piekstra oan it jaske lutsen foar de bêste túntips foar dizze earste maitiidswike, en hy joech ús genôch kluskes om de wike mei troch te kommen:

1. Bakken opfolje

No't de maitiid offisjeel úteinset is, kinne wy de tún wer út de wintersliep helje. In moai kleurepalet helpt dan grif om de grize grauwe winter te ferjitten. Rûn dizze tiid kinne je alfêst de bakken yn de tún folje mei allerhande kleurrike blommen en planten. Hjirby kinne je tinken oan bygelyks fioelen, blauwe druven, en hiacynten, bolblommen lykas titelroazen (narcissen), mar ek peaskepôltsjes (primula's). De bakken kinne fuortendaliks bûten delset wurde, om't eventuele grûnfroast foar dizze blommen net al te folle útmakket. Let wol op de wat teardere plantsjes, dy't út de kassen komme.

2. De border opskjinje

De fêste planten dy't je yn de border te stean hawwe kinne nei de kjeld fan de winter wol in opknapbeurt brûke. Yn dizze earste maitiidswiken is it in goed momint om it âlde guod fan de planten te heljen, en de border op te skjinjen. Ferjit net om de planten ek mei dong te behanneljen, want wat je fuorthelje moatte jo ek wer werombringe yn de border. Organyske dong is hjirby it bêste.

3. Plant beammen en hagen

Maitiid is planttiid, dus at je in beam of hage yn je tún hawwe wolle dan is dit in perfekte tiid dêrfoar. Benammen bûkehage (of hagen mei in losse woartel) kinne it bêste yn dizze tiid yn de grûn set wurde. Let der wol op dat je de beam of hage net te djip plantsje, soargje derfoar dat de lêste woartel krekt ûnder de grûn sit. Grûnferbettering lykas túnturf mei wol by de beammen en planten, mar doch gjin dong yn it plantgat. Wacht mei it behanneljen mei dong oant de plant goed pakt hat, dit kin wol mear as in moanne duorje.

4. Knippe en snoeie

Dizze wiken binne perfekt foar it knippen fan hagen en heesters, en ek de roazen kinne snoeid wurde. Let der hjirby op dat it lêste knopke nei bûten ta stiet, oars krije jo tûken dy't midden troch de plant groeie. It is ek wichtich om yn de gaten te hâlden dat der in sintimeter boppe it eachje knipt wurdt.

5. Op en Ut

De wichtichste tip foar eltse túnleafhawwer is fansels om, op sneontemoarn om 10:30 de radio op Omrop Fryslân ôf te stimmen. Yn it radioprogramma Op en Ut jout Klaas Piekstra dan noch folle mear tips en trúkjes foar hoe't je it bêste mei je tún omgean kinne.

Trefwurden: 
maitiid tún Klaas Piekstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)