Fryske winners by nasjonale fakkampioenskippen

20 mrt 2017 - 14:42
Dylan Hiemstra op nûmer 1 - Foto: ROC De Friese Poort

Fiif studinten fan ROC De Friese Poort en it Friesland College binne yn de prizen fallen by de nasjonale fakkampioenskippen yn Amsterdam. De 17-jierrige Sven van der Zee fan Ljouwert waard nasjonaal fakkampioen webdesigner. Dylan Hiemstra fan 19, ek út Ljouwert, waard nasjonaal kampioen applikaasje-ûntwikkeler. De 19-jierrige Hylke Bootsma fan Seisbierrum waard twadde yn de kategory meubelmakker. Amy Bijkerk (20) fan Stiens waard tredde yn it fakgebiet etalateur en Sven Libbenga (18) út Nijhoarne behelle sulver by de fakoplieding laskers.

Oan de fakkampioenskippen diene hûnderten vmbo- en mbo-learlingen út hiel Nederlân mei. Oan de hân fan praktykopdrachten koene se sjen litte hoe goed at sy binne yn harren fakgebiet.

Trefwurden: 
ROC de Friese Poort
(Advertinsje)
(Advertinsje)