Nij ûnderkommen hospice Snits

It hospice yn Snits krijt in eigen ûnderkommen. It sit no noch yn in fleugel fan in fersoargingshûs, mar dat foldocht net mear. De romte wurdt te lyts en jongere minsken fine it net noflik om har lêste dagen troch te bringen yn in fersoargingshûs. Boppedat sjogge in pear de keamers út op in bline muorre. Earder wie dat in binnentún mar dêr is in ytseal boud. De stifting Frijwilligers Palliative Terminal Soarch hat no in gebou kocht yn de wyk Lemmerweg-West.