SC Hearrenfean wol feiligens supporters better beskermje

20 mrt 2017 - 14:31

Sportklup Hearrenfean sil yn de takomst noch better sjen nei de feiligens fan syn eigen supporters. Oanlieding binne klachten fan supporters dy't snein by de wedstryd tsjin Feyenoord wienen. Dy fielden har bedrige troch Feyenoord-supporters dy't yn de thúsfakken fan SC Hearrenfean sieten.

Offisjeel mei dat net foarkomme, omdat allinne eigen supporters kaarten foar de thúsfakken keapje kinne. Omdat dit klupkaart-systeem blykber net wetterticht is, wol SC Hearrenfean yn de takomst earder optrede as eigen supporters har bedrige fiele.

Algemien direkteur Luuc Eisenga: ''Onze kernwaarden zijn dat wij een gastvrije en toegankelijke club zijn, waarbij gedrag uiteraard leidend is. Aan die waarden houden we vast, omdat wij van mening zijn dat je voetbal op een respectvolle wijze met elkaar moet kunnen beleven.''

''Voetbal is een emotionele sport, maar het mag nooit doorslaan zodat het leidt tot een onprettig gevoel in ons stadion. Iedereen, jong en oud, moet op een plezierige wijze van onze wedstrijden kunnen genieten en zich veilig voelen'', ferfolget Eisenga.

(Advertinsje)
(Advertinsje)